Klean net yn grize kontener

29 okt 2012 - 12:26

Friezen moatte duorsumer omgean mei âlde klean. Dat wie moandeitemoarn it boadskip by de start fan in nije kampanje fan de Provinsje Fryslân en de Fryske Miljeu Federaasje.

Alde klean bedarje no faak yn de grize kontener. Dat hoecht net langer. Mei help fan nije metoades kin klean yn tekstylkonteners better ferwurke wurde. Dêrmei krije se in twadde libben. Yn tekstylkonteners kin no ek klean dy't oars as fodden yn 'e grize kontener smiten wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)