Klean 'Henk' yn 'e ferkeap

12 okt 2012 - 18:39
  • Henk

De klean dy't achterbleaun binne yn de filialen fan Henk ten Hoor dy't net wer iepen gean, wurde meikoarten ferkocht. Dat wurdt dien yn de winkels sels. Yn Fryslân giet it dan om de filialen yn Burgum, Drachten, Kollum, Ljouwert, De Lemmer en Easterwâlde.

It kleankonsern waard koartlyn fallyt ferklearrre. Dênei waarden 60 winkels oernaam, de oare 43 bliuwe ticht. De ferkeap giet út fan de kurator, mei ynstimming fan de nije eigener. Wannear't de ferkeap krekt begjint is noch net bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)