Klaverblêd is gjin racesirkwy

02 jul 2009 - 13:37

De plysje surveilleart de kommende tiid mear as oars op it klaverblêd op it Hearrenfean. Motorriders brûke, seker no't it moai waar is, it klaverblêd as in soarte fan racesirkwy. Eins sit alles der yn foar de leafhawwers fan racerij: rjochte stikken, skerpe bochten en romte om hurd te riden. Mar it mei net en it is libbensgefaarlik, sa seit de plysje.

Woansdei joech de plysje fiif motorriders in proses-ferbaal, omdat se fierstente hurd rieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)