Klassyk te dreech by Havendagen

13 jan 2005 - 13:51

It is net goed slagge om de klassike muzyk by de Fryske Havendagen ûnder it omtinken te bringen fan in breed publyk, wylst dat yn it foar wol de opset wie. Dat sei foarsitter Gerrit Ybema fan de Fryske Havendagen by de evaluaasje fan it evenemint.

Meiïnoar kamen der yn juny ferline jier hast 175.000 minsken op de Havendagen ôf. Doel is om it evenemint yn 2008 te werheljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)