Klassike muzyk op Havendagen

05 jun 2004 - 00:00

Natuer en klassyk rinne dit wykein hân yn hân by de earste edysje fan de Fryske Havendagen. Troch tagonklike muzyk oan te bieden wol de organisaasje de besiker oan de Havendagen yn de kunde komme litte mei klassike muzyk. De belangstelling yn de binnenstêd en de haven wie freedtejûn matich.

De havendagen duorje trije dagen. Der binne dan mei-elkoar fjirtich konserten op in tsiental lokaasjes yn de stêd. De minsken kinne sa út en yn rinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)