Klappen yn kampearbuorkerij

13 jun 2011 - 14:08

In groep jongeren hat sneintenacht in ravaazje oanrjochte yn in kampearbuorkerij oan de Nije Drintskewei yn Bakkefean. De groep hie earder op 'e jûn yn in kafee rûzje krige mei in oare groep jongeren dy't sliepte yn de kampearbuorkerij.

De jonges stoden de buorkerij yn mei stokken en mishannele oaren dy't dêr leine te sliepen. De plysje koe letter in 19-jierrige jonge út Bakkefean oanhâlde om't er in slachierlike blieding hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)