Klappen yn kafee Wolvegea

23 jan 2011 - 15:10

De plysje hat sneontenacht yn Wolvegea in man fan Aldeholtpea (22) oanhâlden foar mishanneling. De man hie yn in kafee oan de Baerdstrjitte in Wolvegeaster (19) mei in glês op de holle slein. De Wolvegeaster rekke ferwûne oan de holle en moast hjirfoar nei it sikehûs op It Hearrenfean.

De plysje hat de man fan Aldeholtpea yn it kafee oanhâlden en foar neier ûndersyk meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)