Klappen om ôfpakt autoke

17 feb 2007 - 14:13

In 19-jierrige ynwenner fan Muntsjesyl is freedtejûn op de Westerein mishannele troch trije jonges. Ien fan de trije pakte de radiografysk-bestjoerbere auto fan de ynwenner fan Muntsjesyl ôf.

Doe't dy de auto weromeaske dielden de trije jongens in tal flinke tikken út. Dêrnei naaiden se út mei de auto. De plysje hat noch op syk west nei de trije en de auto, mar hat se net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)