Klappen foar plysjeman yn Snits

06 aug 2015 - 08:51

In 51-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oanholden foar it mishanneljen fan in plysje by de Snitswike. By in dancefeest yn de Stedhûstún betrapen befeiligers de man op it brûken fan drugs. Se skeakelen de plysje yn. Doe't twa plysjes op de fyts mei de befeiligers yn petear wienen, gie de Ljouwerter troch it lint.

Hy woe in befeiliger te liif gean. Ien fan de plysjes treau de fertochte fuort. Dy sloech dêrop de plysjeman yn it gesicht. De man besocht ek in oare befeiliger en in plysje te slaan.

Mei pepperspray koe de plysje him ûnder kontrôle krije en oanhâlde. De Ljouwerter sit fêst. Deselde nacht waarden noch fjouwe oare stappers yn Snits oppakt, ûnder oaren foar mishanneling en fernieling.

Dizze fertochten mochten letter mei in bekeuring wer nei hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)