Klap foar autobestjoerder

11 jan 2014 - 14:19
  • Snits

De plysje ûndersiket in mishanneling yn Snits. In 27-jierrige ynwenner fan Skearnegoutum krige sneontemoarn oan de Keizersmantel in klap yn it gesicht fan in ûnbekende automobilist. Dy wie achter him oanriden nei in fersmelling yn 'e dyk. De fertochte moast dêr wachtsje op de auto fan de man út Skearnegoutum.

De plysje is no op syk nei de fertochte. Dy naaide nei de klap út mei de auto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)