Klap fiskôfslach Lauwerseach

09 nov 2004 - 15:04

De fiskôfslach yn Lauwerseach krijt in swiere klap. Twa grutte ferwurkers nimme gjin garnalen mear ôf fan de feiling. Se keapje inkeld garnalen fan kontraktfiskers om frije priisfoarming fia de ôfslaggen te omsilen. Se dogge dat oant feilingen de grutte foarrieden yn de kuolhuzen fuortwurke ha.

De garnalefiskers komme sa noch mear yn swier waar. Om't se gjin priisôfspraken meitsje meie, is de oanfier fan garnalen ferdûbele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)