Klankboerdgroep Hearrenfean sjocht yn azc Drachten

23 jan 2016 - 14:05

Fiifenfjirtich ynwenners fan It Hearrenfean hawwe sneon in besite brocht oan it asylsikerssintrum yn Drachten. Se hawwe har dêr byprate litten oer de regels fan de opfang yn in azc. De Feansters sitte yn de klankboerdgroep dy't belutsen is by de komst fan sa'n sintrum op It Hearrenfean, dat dit jier boud wurdt.

Mei de gemeente en it COA sille sy har bûge oer saken as ynrjochting fan de omjouwing en de feiligens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)