Klankboerdgroep foar draachflak AZC Harns

04 apr 2016 - 22:44
  • Opfang flechtlingen

Yn in ekstra riedsgearkomste yn Harns hat it kolleezje fan b. en w. fragen fan de fraksjes beantwurde oer it foarnimmen om in AZC op it Balkland te pleatsen. De fragen giene ûnder oaren oer de lokaasje. Der wiene fjouwer lokaasjes yn byld: in boat, it Spaansen terrein, de Westerzeedijk en de âlde fuotbalfjilden op it Balkland. De lêste lokaasje is neffens it kolleezje de meast praktyske. De Westerzeedijk waard troch guon partijen noch wol as lokaasje oppere, mar it kolleezje fynt dat dit net handich is omdat dêr rekreative plannen foar binne.

Guon partijen hawwe noed oer it plak. It leit njonken de fjilden fan de hockeyklup. Ek binne de gymnastyklessen fan RSG Simon Vestdijk njonken it Balkland. Fierders seit it kolleezje dat der wis net mear as 300 asylsikers komme.

De fraksjes hiene ek fragen oer de beslútfoarming. It kolleezje wol de stim fan de ried en befolking swier wage litte yn harren beslút. In klankboerdgroep mei ferskate minsken út de mienskip moat derfoar soargje dat de komst fan it AZC in grutter draachflak krijt en dat saken yn goeie banen laat wurde.

Tiisdeitemiddei is der in byienkomst foar neiste omwenners fan it Balkland en tiisdeitejûn foar alle Harnzers. Op 11 maaie is der in kommisjegearkomste oer de eventuele komst fan it AZC, op 25 maaie komt it foarstel yn de ried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)