Klameare ferhuzet nei âld gemeentehûs fan Nijefurd

27 mrt 2015 - 12:01
  • It eardere stedhûs yn Warkum

Kultureel sintrum De Klameare yn Warkum ferhuzet noch foar de ein fan it jier nei it eardere gemeentehûs fan Warkum. Op it plak dêr't de Klameare no noch sit, wurdt nei de ferhuzing in haventsje oanlein mei sa'n 20 lisplakken. De provinsje betellet de ferhuzing út it Fryske Marreplan.

Der wiene earder ek al plannen om it kultureel sintrum te ferpleatsen, mar doe lei wolstânskommisje Hûs en Hiem dwers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)