Klachten sûnenssoarch bondelje

21 jan 2004 - 00:00

Klachten oer feroarings yn 'e sûnenssoarch trochjaan op in spesjaal telefoannûmer yn in meldwike. Dat is wat it Frysk Pasjinte- en Konsuminteplatfoarm wol. It giet dan bygelyks om it WVG-ferfier of de hegere eigen bydrage foar de thússoarch.

Nei alle gedachten wurdt de meldwike oer in pear wike hâlden, as de gefolgen goed te fernimmen binne. De opmerkings wurde bondele en oanbean oan sûnensminister Hans Hoogervorst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)