Klachten oer tariven Arriva

14 jan 2013 - 14:19

Reizgersorganisaasje Rocov Fryslân hat tsientallen klachten krige oer de nije tariven fan busferfierder Arriva. Sûnt 1 jannewaris binne de saneamde stjerabonneminten ôfskaft. Dêrmei koene reizgers foar in bepaald bedrach reizgje op in fêst trajekt, sa folle as se wolle.

No binne allinich abonneminten foar in folle grutter gebiet mooglik of oars in koartingskaart. Trochdat dat djoerder is as it âlde stjerabonnemint, betelje guon minsken hûnderten euro's yn it jier ekstra. Neffens it Rocov giet it somtiden om in priisferheging fan wol 100%

Nei oanlieding fan 'e klachten komt Arriva mooglik mei maatregels tsjin de grutte priisferhegings nei de ynfiering fan it nije tarivesysteem. Rocov Fryslân hat tsientallen klachten krige, mar it lanlike OV-loket hat ek klachten krige út Fryslân wei. Arriva sil no mei de provinsje oerlizze, om te sjen wat mooglik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)