Klachten oer homoprotestsite

08 jul 2006 - 11:20

Sa'n tsien minsken ha by de gemeente Skarsterlân klage oer de website opset fanwege homomoetingsplakken by Sint Nyk. Guon minsken binne sels hellich.

In pear Sint Nyksters ha in site makke as protest tsjin de homo-aktiviteiten op de parkearplakken oan 'e Tsjûkemar. Op ynternet steane foto's fan autokentekens. Yn ien gefal is in kenteken op 'e webside set wylst de belutsenen nea op it parkearplak west hawwe. De site is út 'e loft helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)