Klachten oer fytspaden

19 jul 2003 - 00:00

De tastân fan de fytspaden yn de gemeente Smellingerlân is oanlieding foar klachten. Dy komme binnen op in spesjaal dêrfoar ynrjochte website fan de ANWB. Op de site binne de ôfrûne trije moannen goed 300 klachten binnenkaam.

Oer fytspaden yn Fryslân binne net in soad klachten binnenkaam, mar dy't der al wiene gongen oer de rûte fan Drachten nei Ljouwert. Allinnich leden fan de ANWB kinne ynlogge op de website.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)