Klachten oer fytsen yn Harns

08 mrt 2009 - 13:07

De gemeente Harns krijt hieltyd mear klachten oer ynwenners dy't yn de Foarstraat har fytsen delsette op parkearplakken foar auto's. Harns hat foar it parkearen fan de fytsen spesjale griene beugels makke, mar dy wurde te min brûkt.

Gefolch is dat minsken har auto's net kwyt kinne yn de Foarstrjitte. Harns ropt no fytsers op gebrûk te meitsjen fan de beugels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)