Klachten oer Drachtsterplein

02 okt 2012 - 12:05

De PvdA-fraksje yn de gemeenteried fan Ljouwert hat fan ferskate kanten klachten krigen oer it Drachtsterplein. Minsken dy't fanút Suderbuorren, Goutum en Wurdum de stêd ynkomme, sizze dat der by it Drachtsterplein alle dagen lange files stean. It plein is krekt klear nei in grutte rekonstruksje, bedoeld om de trochstreaming te ferbetterjen.

De PvdA wol no fan it kolleezje witte oft dat wol slagge is en oft der mooglik ferkearstellingen komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)