Klachten oer Dokterswacht

26 apr 2003 - 00:00

In meldaksje fan it Frysk Pasjinte- en Konsuminteplatform fan maart lêstlyn oer de Dokterswacht hat 222 reaksjes opsmiten. De measte minsken kamen mei klachten. Sa binne de de wachttiden te lang foardat de telefoan opnommen wurdt.

Oaren fûnen dat se te fier reizgje moasten foar in besite oan de Dokterswacht. En der wiene klachten oer hege rekkens. De reaksjes binne troch it pasjinteplatform oanbean oan de Dokterswacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)