Klachten oer demofleanteam

18 mrt 2010 - 17:07
  • Piloat mei syn F16 (foto: Omrop Fryslân)

By de fleanbasis Ljouwert binne oant no ta achttjin klachten kaam oer it oefenjen fan it demonstraasjeteam fan de loftmacht. De piloaten riede harren ta op shows yn binnen- en bûtenlân. Benammen út doarpen lykas Marsum komme in soad klachten.

De piloaten slute net út dat se boppe huzen flein hawwe, mar it kin ek oan it perspektyf lizze. Ut it doarp wei sjoen kin it lykje dat de F16's oer huzen fleane, wylst dat net sa is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)