Klachten oer buerthûs Tj. Hiddes

28 jun 2006 - 10:30

It bestjoer fan buerthûs Tjerk Hiddes yn Ljouwert sjocht it net mear sitten. Der binne klachten fan de omwenners. De frijwilligers dy't it buerthûs iepen hâlde, begripe der lykwols neat fan. Se feroarsaakje gjin oerlêst sizze se en dochs driget de gemeente mei it ynhâlden fan de subsydzje.

It probleem is dat it buerthûs net draaie kin op allinne buertbewenners. Dus meie der ek oare minsken komme, mar dat kin net neffens it kontrakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)