Klachten oer befeiliging haven

22 nov 2004 - 17:41

De terreurmaatregels yn de Harnser havens smite in soad klachten op fan minsken dy't de terreinen op wolle. Sûnt oktober slút de gemeente parten fan de nije fiskershaven en de yndustryhaven wol ris ôf by it laden of lossen fan grutte skippen.

Minsken komme allinnich by de ôfsetting lâns as se in identiteitsbewiis sjen litte. De maatregel is it gefolch fan it strangere anti-terreurbelied nei 11 september 2001.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)