Klachten oer asosjale fytserij

28 maaie 2010 - 12:24
  • Foto: Henk Bootsma

Dielnimmers mei in duofyts, dêr't je neist inoar sitte, meie net mear meidwaan oan 'e Fytsalvestêdetocht. Se nimme te folle plak yn tusken de 15.000 dielnimmers.

De organisaasje makket him soargen oer asosjaal gedrach fan guon fytsers. Yn it gasteboek op ynternet kleie dielnimmers oer asofytsers, dronken publyk, pissers ûnderweis en falpartijen. De organisaasje wol op smellere fytspaden, benammen yn It Bilt, gebrûk meitsje kinne fan 'e dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)