Klachten by Kabelnoord oer 4G

10 feb 2014 - 11:58

Kabelbedriuw Kabelnoord yn Noardeast-Fryslân hat tsientallen klachten binnenkrigen oer steurings yn it tillevyzjesinjaal. Neffens direkteur Niek Geelhoed soargje 4G tillefoannetwurken hieltyd faker foar steurings.

It probleem is fan de lêste tiid, no't providers op hieltyd mear plakken it fluggere 4G oanbiede. De klachten komme fan minsken mei analoge tillevyzje. It komt benammen foar by de stjoerders Discovery Channel, National Geographic en TLC.

De frekwinsjes dýt by 4G brûkt wurde, kinne itselfde wêze as by guon tillevyzjestjoerders. Kabelnoord lit witte dat it probleem ferholpen wurde kin mei oare bekabeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)