Klachtebemiddeler foar sikehûs

23 feb 2009 - 11:42

Pasjinten fan sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean mei klachten, kinne no oanklopje by in klachtebemiddeler. Dizze bemiddeler yn tsjinst fan in klachtebemiddelingsorganisaasje. Yn 2011 is elk sikehûs ferplichte om de drompel foar pasjinten om in klacht yn te tsjinjen sa leech mooglik te meitsjen. Net elke pasjint doart op de persoan ôf te stappen dêr't hy krityk op hat. Mei de pasjintebemiddeler hopet it sikehûs de klachten better oplosse te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)