Klacht Partij v.h. Noorden

04 jul 2004 - 13:48

De Partij voor het Noorden hat in klacht yntsjinne by de nasjonale ombudsman. Neffens polityk lieder Teun Jan Zanen is syn partij diskriminearre by de Europeeske Ferkiezings troch it ministearje fan Binnenlânske Saken.

De Partij voor het Noorden soe mei seis oare partijen negearre wêze by de ferkiezingskampanjes. Neffens Zanen ha fan it begjin ôf mar acht partijen it wurd fiere mocht. De partij wol no it ynskriuwjild fan goed 11.000 euro werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)