Klacht oer dramasearje Bit

14 mrt 2009 - 14:51
  • Sênes út Bit

Bioboer Thom de Groot fan Grou hat freed by de organisaasje fan Kijkwijzer in klacht yntsjinne oer de dramasearje Bit fan Omrop Fryslân. Foarige wike wie de lêste ôflevering fan Bit.

De Groot fynt de saneamde sjochwizer-yndikaasje fan seis jier fierstente leech. Der soene neffens De Groot foar bern tefolle sênes oer geweld, seks, drank en drugs yn Bit sitte. Thom de Groot hat wachte mei syn klacht foardat de hiele searje útstjoerd wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)