Klacht FNP oer foarljochting

25 jun 2001 - 00:00

De foarljochting oer skea-ôfhannelings troch boaiemdelgong oan boargers sjit tekoart. Dat skriuwt de FNP-steatefraksje yn in brief oan minister Jorritsma fan Ekonomyske Saken.

De FNP fynt dat der te min publisiteit is foar de gearkomsten fan de kommisje dy't de klachten oer boaiemdelgong ûndersiket. It ministearje wol gjin hege opkomst by dy gearkomsten, tinkt de FNP.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)