Klaas Schotanus nei Flevo Boys

11 mrt 2011 - 17:03

Topklasser Flevo Boys út Emmeloord hâldt ek takom seizoen in Frysk karakter. De klup hat Klaas Schotanus fan sneinshaadklasser Snits Wyt Swart oanlutsen. Hy spile earder ûnder oaren foar SC Cambuur.

Boppedat binne de kontrakten mei spits Age Hains Boersma, middenfjilder Arjen Postma en keeper Hessel Altenburg mei ien jier ferlingd. Flevo Boys stiet op dit stuit 14e yn de Topklasse en moat alle seilen bysette om op it heechste amateurnivo aktyf te bliuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)