Klaas de Jong te hôf brocht

05 mrt 2011 - 16:19
  • De begraffenisstoet ûnderweis nei Lytsewierrum (foto: Caspar Bronwasser)

Ald-steatssiktaris Klaas de Jong Ozn. fan Snits is sneontemiddei yn Lytsewierrum te hôf brocht. De Jong ferstoar moandeitejûn yn Snits yn 'e âldens fan 85 jier. De Jong wie in libben lang warber yn ûnderwiis en polityk en publisearre ek in soad oer dizze ûnderwerpen.

De Jong wie steatssiktaris fan ûnderwiis en wittenskippen yn it kabinet Den Uyl en letter ek yn it kabinet fan Van Agt en Wiegel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)