Klaaipiipsmokers yn Snits

26 feb 2012 - 11:19

Yn Snits is snein it iepen Frysk kampioenskip klaaipiipsmoken. Sawat fjirtich piipsmokers út Nederlân en België hawwe harren oanmelden. Doel is dat de dielnimmers de piip mei 3 gram tabak sa lang mooglik oanhâlde. Foar de start fan de wedstriid meie se sels de tabak en de piip preparearje.

It Nederlânske rekôr mei de klaaipiip stiet op namme fan Hans Sonderman út Dordrecht, mei 2 oeren, 51 minuten en 54 tellen. Ferline jier waard dat rekôr lang net helle. Doe lei de winnende tiid om de oardel oere hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)