Klaaikeamers op it Sjûkelân oanpakt

27 feb 2015 - 16:39
  • De klaaikeamers

De klaaikeamers op it Sjûkelân yn Frjentsjer wurde de kommende wiken ferboud. Se krije itselde uterlik as de bekende tuorren en it keatsmuseum yn de stêd. Eins soe keatsferiening Jan Bogtstra de akkommodaasje jierren lyn al oanpakke, mar troch in bestjoerswiksel en ûndúdlikens oer de ynfolling fan it terrein njonken it keatsfjild duorre alles folle langer.

De yndieling fan it gebou wurdt feroare en de gevel komt der folslein oars út te sjen. De ferbouwing kostet 40.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)