Kjeldrekôr krekt net brutsen

24 mrt 2013 - 18:12
  • Beferzen wâlskanten by Wolvegea

Dit wykein is krekt gjin kjeldrekôr brutsen. It âlde rekôr stamt út it jier 1916, doe't it op deselde dei 1 graad kâlder wie as no. De temperatuer lei snein om it friespunt hinne, mar troch de hurde eastewyn fielde it oan as strange froast. De gefoelstemperatueren leine sawat op min 15 of 16 graden. De lêste kear dat it ein maart sa kâld wie, wie yn 1952. Oars is it om dizze tiid hinne oerdeis sawat 8 graden.

Tiisdei wurdt it nei alle gedachten minder kâld. De wyn belunet ek wat. Hoe't it takom wykein mei de peaskedagen komt, is noch ûnwis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)