Kjeld út de loft by CDA

22 sep 2004 - 13:53

De kjeld is út de loft tusken Bijman en Van der Ham fan it CDA. Deputearre Bijman en fraksjefoarsitter Van der Ham ha tiisdeitejûn de kwestje útpraat.

Bijman jout ta dat it net ferstandich fan him wie om fia de tillevyzje krityk oer ynterne kwesjes te uterjen. De deputearre sei yn it tv-programma Faktor Freed dat it CDA gjin goede polityk lieder hat. Ofpraat is no dat de CDA-deputearren tenei better kommuniseare mei de steatefraksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)