Kjeld lije yn Kirgizië

22 maaie 2003 - 00:00

It personiel fan de luchtmachtbasis yn Ljouwert hat yn Kirgizië flink huverich west. Dat stiet yn in evaluaasje oer it ferbliuw dêr. De klean fan de soldaten koene de kjeld net keare. Foaral it befeiligingspersoniel hat der bot lêst fan hân.

De militêren hawwe sels jild lapt om fleece-jacks en bergskuon te keapjen. De militêren fan Ljouwert wiene yn Kirgizië om te helpen by de operaasje Enduring Freedom yn Afganistan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)