Kjeld knoeit fûgels

28 mrt 2013 - 17:04
  • Ljip

De oanhâldende kjeld is funest foar de greidefûgels. De bisten ha grutte muoite om fretten te finen. Se sitte dêrtroch op plakken dêr't se oars net sa gau komme. It giet dan om stikken greide njonken sneldiken, mar ek op sportfjilden of sels by minsken yn de tún.

Boskwachters tinke dat de greidefûgels de kâlde maitiid wol oerlibje. It is lykwols noch mar de fraach oft se aaien lizze. Alle enerzjy giet op dit stuit nei it finen fan fretten, it lizzen fan aaien hat dêrtroch gjin prioriteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)