Kjeld hat lân yn 'e besnijing

23 mrt 2013 - 11:32
  • De Ryptsjerkerpolder by Ljouwert

Op de Ryptsjerksterpolder by Ljouwert is sneontemoarn eefkes reedriden. Twa manlju bûnen de izers ûnder en setten in pear streken op it iis. De temperatuer wie fannacht ûnder nul. Der stiet boppedat in hurde wyn. Dêrtroch fielt it folle kâlder oan.

It kâlde waar hat der ek foar soarge dat it measte amateurfuotbal dit wykein net trochgiet. De measte ferienings fine it net ferantwurde om de bern op it fjild te litten.

Minsken dy't op it stuit bûten oan it wurk binne ha ek lêst fan de hurde wyn en de kjeld. By Wurdum wurdt wurke oan in fytstunnel. Meiwurkers wurde ekstra yn de gaten hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)