K.J. Bolt wer yn Nederlân

19 nov 2008 - 11:38

De Harnzer frachtweinsjauffeur Klaas Jan Bolt is woansdei útlevere oan Nederlân. Bolt wie yn Frankryk ta fiif jier sel feroardiele foar drugsmokkel. Dêrfan hat er trije jier útsitten.

Tongersdei moat Bolt foar justysje yn Grins foarkomme. Dan wurdt bepaald oft er op frije fuotten komt oant de rjochter op 3 desimber útspraak docht oer de fraach oft de Harnzer de rest fan de straf yn Nederlân útsitte moat. Advokaat Teurlings fan Bolt tinkt net dat er foar dy tiid frijkomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)