K.J. Bolt noch net yn Nederlân

20 nov 2008 - 10:03
  • Klaas Jan Bolt noch altyd yn Frankryk

De Harnzer frachtweinsjauffeur Klaas Jan Bolt is woansdei net oankommen yn Nederlân. Om't der in bemanningslid fan it fleantúch siik wie, woe de gesachsfierder Bolt en trije oare finzenen net meinimme. It begelieden fan finzenen op in flucht freget ekstra wurk en dêr is de folsleine bemanning fan it fleantúch by nedich.

De sjauffeur soe oars tongersdei foarkomme moatte foar de rjochter-kommissaris. Wierskynlik komt Bolt no freed nei Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)