'Kito' Correia op proef by Emmen

14 okt 2004 - 11:15

Fuotballer Antonio Correia is dizze wike op proef by Emmen. Yn in testwedstriid tsjin amateurklup DSC skoarde er twa kear. De oanfaller, better bekend as Kito, bleau begjin dit seizoen wei by de training fan SC Hearrenfean en mocht dêrom op syk nei in oare klup.

Correia komt by Emmen, de nûmer lêst fan de earste divyzje, net yn oanmerking foar in kontrakt. As er befalt kin er op amateurbasis bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)