Kitesurfer knalt op Iselmardyk

21 jul 2003 - 00:00

In 31-jierrige man út it Dútske Hannover is sneintejûn ferwûne rekke by it kitesurfen. De man wie oan it kitesurfen by Hylpen. Hy gie dêrby nei alle gedachten sa hurd, dat er fanôf it wetter op de Iselmardyk bedarre. De man koe de basaltblokken op de dyk net ûntwike en klapte der boppe op.

De kitesurfer waard mei in brutsen skonk oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)