Kitesurfen oan bannen lein

16 maaie 2004 - 00:00

Kitesurfe mei yn Gaasterlân-Sleat aanst allinnich noch by it Murnzer Klif. Boargemaster en wethâlders meitsje har soargen oer de feiligens by it kitesurfen. Troch de hege snelheid en de net altyd te kontrolearjen sprongen dy't de surfers meitsje, soargje se somtiden foar gefaarlike situaasjes.

B&W stelle de gemeenterie foar om it kitesurfen oeral yn Gaasterlân-Sleat te ferbieden en allinnich in útsûndering te meitsjen foar it Murnzer Klif.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)