'Kitesurfen Lauwersmar ferbiede'

21 sep 2004 - 15:38

Dongeradiel moat kitesurfen yn Nasjonaal Park Lauwersmar ferbiede om't it fûgels fersteurt. Dat stiet yn in brief dy't de gemeente krigen hat fan it oerlisorgaan Nasjonaal Park.

De gemeente wurket op dit stuit oan de Algemiene Pleatslike Feroardering. Dêryn wurdt nei alle gedachten it kitesurfen tastien by de Hoek fan Bant. Dêr wurdt no ek al surft. Yn de behearsregels fan it park wurdt it surfen mei draakjes lykwols net tastien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)