Kitesurfen beheind ta 4 plakken

19 jul 2006 - 10:14

Der binne fjouwer plakken oanwiisd yn de Waadsee dêr't tenei noch kitesurft wurde mei. It giet om in plak by de haven fan Nes op it Amelân, by Dokkum, op Skylge en by Harns. Allinnich by Nes mei it hele jier troch kitesurft wurde, op de oare plakken is it foar bepaalde moannen.

Der is in plysjereglemint opsteld, dêr't skoften oan wurke is. De regels binne al yngien. Oertreders kinne in boete krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)