Kissi makket syn rentree

17 mrt 2006 - 18:11

Abdelkarim Kissi stiet sneontejûn yn de basis yn de wedstriid fan sportklub Hearrenfean tsjin RKC Waalwijk. Kissi wie oertraint, mar hy is no wer fit genôch om mei te dwaan. De Deen Jakob Poulsen stiet foar de twadde kear yn de basis op de rjochtsbackposysje. Dêrtroch begjint Marcel Seip op de bank.

Paul Bosvelt en Ugur Yildirim binne skorst. Harren plak wurdt yn naam troch Thomas Prager en Hjalte Bo Nørregaard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)