'Kino Lika' wint Matad'or

09 nov 2008 - 13:44
  • Dalibor Matanic mei de Matad'or

De film 'Kino Lika' fan regisseur Dalibor Matanic is winner wurden fan de Matad'or op it Noardlik Filmfestival dat op it stuit holden wurdt yn Ljouwert. De sjuery fan de ynterregio kompetysje hat de film ta winner útroppen omdat de film sawol realistysk as absurdistysk en metafoarysk is.

'Kino Lika' wûn ek de Stenden Media Student Award. De film 'Kirschenblüten-Hanami' fan Dorris Dörrie wûn de publykspriis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)