Kilometerheffing differensjearje

18 sep 2001 - 00:00

Minister Netelenbos fan ferkear wol de kommende jierren sjen oft de kilometerheffing foar autoriders dochs differensjearre wurde kin neffens plak en tiid. Dat soe betsjutte kinne dat op it plattelân minder betelle hoecht te wurden as yn 'e spits yn 'e rânestêd.

De minister docht de tasizzings yn 'e miljoenenota. De provinsje hat earder fûl protestearre tsjin de heffing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)