Kika-motorfestival nei Baarlo

24 maaie 2013 - 12:28
  • Kika-motorfestival

It Kika-motorfestival dat sneon yn Wolvegea plakfine soe is ferpleatst nei Baarlo yn de kop fan Oerisel. It evenemint wurdt hâlden yn in sealesintrum en dêrtroch hat organisator Ingo Kehe gjin fergunning nedich, sa lit er witte. Yn earste ynstânsje wie it doel om mei 3500 motoren fan strân Horst nei de drafbaan yn Wolvegea te riden. Dêr waarden noch 1500 besikers ferwachte.

It evenemint moat jild opbringe foar it fûns Kika. De gemeente Weststellingwerf joech gjin fergunning, omdat de oanfraach op 41 punten net foldie.

Yn Baarlo wurde tusken de 500 en 1000 besikers ferwachte. Der is ek in toerrit foar de motorriders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)